Ekstra krisisjild provinsje

10 mrt 2009 - 16:35

De provinsje sil de kommende twa jier 31 miljoen euro ekstra ynvestearje om de ekonomyske krisis oan te pakken. Foar dit jier sil 18,5 miljoen euro útjûn wurde en yn 2010 12,5 miljoen. It jild sil fral stutsen wurde yn it ferbetterjen fan de diken yn Fryslân.

De provinsje sil de konkrete plannen woansdei presintearje. Deputearre Sjoerd Galema sil dan hearre litte hokker plannen nei foaren helle wurde sille. Ek oare provinsjes komme mei ekstra ynvestearrings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)