Ekstra kontrôle Stellingwerven

24 jul 2009 - 14:46
  • Plysjewurdfierder Wouter de Vries

De plysje kontrolearret dit wykein ekstra by de útgeanssintra yn East- en Weststellingwerf. Dit nei oanlieding fan it grutte tal fernielings fan de lêste wiken. De plysje hat skjin har nocht fan 'e wyklikse oerlêst en fernielings yn de streek.

Twa wike lyn waarden twa mannen oppakt. Dêrmei waarden 40 fernielings fan ûnder oare in grut tal autos oplost. Mar ôfrûne wykein gie it yn Easterwâlde en Appelskea wer mis en waarden ûnder oare 6 auto's fernield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)