Ekstra jild Polderhoofdkanaal

09 maaie 2007 - 11:02
  • As de kosten oprinne lûke wy ús út it projekt

Smellingerlân lûkt noch 550.000 euro út foar it opknappen fan it Polder- hoofdkanaal. Dêrmei komt it folsleine bedrach fan Smellingerlân foar it projekt op in lytse 1,4 miljoen euro.

De ried hat der lang oer praat, omdat der nochal wat risiko's oan it projekt sitte. Soe it allegear net op 'e tiid klearkomme, dan kinne de kosten oprinne. Wethâlder Kuipers hat sein dat Smellingerlân him yn dat gefal weromlûkt út it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)