Ekstra jild nei 87 skoallen

04 jul 2007 - 10:48

Yn Fryslân krije 87 basisskoallen ekstra jild om it ûnderwiis te ferbetterjen. De provinsje stelt 1,2 miljoen euro beskikber.

It giet om plannen foar ferbettering fan it taalbelied en de ûnderwiiskundige kwaliteit fan de skoallen. Der wiene hast 4 kear safolle oanmeldingen as honoreard wurde kinne. Skoallen dy't as te boek steane as swak, krije de kommende tiid ekstra omtinken fan de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)