Ekstra jild nedich foar grien Camminghabuorren-Noard

18 aug 2015 - 16:27

Der is ekstra jild nedich om it grienûnderhâld yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren goed út te fieren. Dat konkludearje boargemaster en wethâlders. De ôfrûne moannen is yn alle Ljouwerter wiken besjoen wat der dien wurde moat oan it iepenbier grien. Yn de measte gefallen kin dat wurk mei it beskikbere jild útfierd wurde, allinnich yn it noardlik part fan Camminghabuorren is dat net it gefal.

Boargemaster en wethâlders sille de gemeenteried dêrom om ekstra jild freegje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)