'Ekstra jild ielfiskers'

16 nov 2009 - 23:08

Ielfiskers krije mooglik ekstra jild om de ynkomsten dy't se misrinne troch it fangstferbod te kompensearjen. It CDA en de PvdA yn de Twadde Keamer wolle dat minister Gerda Verburg fan LNV in miljoen euro ekstra útlûkt foar de ielfiskers. Sy mochten twa moannen net op iel fiskje om de ielstân op peil te bringen. Takom jier is der in ferbod fan trije moannen.

It ekstra jild moat brûkt wurde foar it opsetten fan in bettere bedriuwsfiering by de fiskers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)