Ekstra jild foar Tryater

15 maaie 2008 - 12:41
  • Ekstra jild foar Tryater

Toanielselskip Tryater krijt fan 2009 oant 2013 fan it Ryk in ton subsydzje ekstra yn it jier. It jild is bedoeld om it jongereinteater in ympuls te jaan. Mei it jild wurde bettere lespakketten makke. Ek sil de kwaliteit fan de foarstellings foar jongerein ferbettere wurde en komme der mear foarstellings foar har.

De ekstra bydrage foar it jongereinteater makket dat Tryater no 1,7 miljoen yn it jier fan it Ryk krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)