Ekstra jild foar thússoarch

14 des 2007 - 19:58

De thússoarch yn Fryslân moat 3,8 miljoen ekstra krije fan it ministearje fan Folkssûnens.

Dat advisearret de Nederlandse Zorgautoriteit. Gewoanwei folget it ministearje de advizen fan de soarchautoriteit op. Neffens it soarchkantoar, dat de budzjetten foar de thússoarch yn Fryslân ferdielt, is der net genôch jild om ek yn de lêste wiken fan dit jier thússoarch te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)