Ekstra jild foar skoalle Damwâld

29 maaie 2005 - 13:20

B en W fan Dantumadiel wolle ekstra jild útlûke foar skoalle de Wingerd yn Damwâld. De Wingerd is in skoalle foar bern mei learproblemen.

Der wurdt in nije skoalle boud, dy't oar jier klear is. Mar der is no al jild nedich foar ekstra lesmateriaal en meubels. Dat komt omdat der mear learlingen komme as dêr't op rekkene wie. Normaal wurde sokke útjeften ien kear yn it jier fêststeld. Yn dit gefal giet it om in oanfraach fan 17.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)