Ekstra jild foar pjutteplakken

19 mrt 2002 - 00:00

Frjentsjerteradiel kriget ien grutte organisaasje fan pjutteboartersplakken. Dêr is moandei in yntinsjeferklearring oer tekene. De iene organisaasje moat de problemen oplosse.

De pjutteplakken sitte yn te lytse en ferâldere romten. Boppedat kriget de lieding te min betelle. De gemeente stelt ekstra jild beskikber foar alve pjutteboartersplakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)