Ekstra jild foar Ofslútdyk

23 des 2011 - 11:55

It ryk lûkt nochris 200 miljoen euro út foar it opknappen fan de Ofslútdyk. Dêrmei komt de folsleine ynvestearring op 800 miljoen. De 200 miljoen ekstra is foar it oanpakken fan de spuisluzen. Dat is freed bekend makke by de offisjele ûndertekening fan de oerienkomst oer de takomst fan de Ofslútdyk.

By dy ûndertekening wiene steatssiktaris Atsma fan ynfrastruktuer, deputearre Schokker en har kollega fan Noard-Hollân en boargemaster Apotheker fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Njonken de 200 miljoen euro foar de sluzen, komt ek noch tweintich miljoen euro beskikber foar takomstige projekten op en om de Ofslútdyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)