Ekstra jild foar Lânskipsbehear

04 apr 2002 - 00:00

Lânskipsbehear Fryslân krijt de kommende jierren hast 150.000 euro ekstra subsydzje, as de provinsje akkoart giet. De organisaasje krijt fan takom jier ôf nammentlik minder subsydzje fan it ryk.

It ryk joech earder jild om de wurkgelegenheid te befoarderjen. Dêr is gjin jild mear foar nedich, mar wol foar it ûnderhâld fan houtwâlen, elzesingels, lytse boskjes en puollen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)