Ekstra jild foar jiskefetten

13 nov 2008 - 22:00

De gemeente Ljouwert hat 100.000 euro krigen foar it oanpakken fan it swalkôffal. Dy subsydzje krijt Ljouwert fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken.

Ljouwert moat yn ruil dêrfoar soargje dat it swalkôffal binnen twa jier sichtber minder wurdt. Dêrfoar sil ûnder oaren sjoen wurde nei in bettere ynrjochting fan de iepenbiere romte en komt der in nij plan foar jiskefetten. Ek oare plannen om de stêd skjin te hâlden moatte goed op elkoar oanslute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)