Ekstra jild foar doarpshuzen

09 sep 2004 - 10:19

Doarpshuzen yn Fryslân krije mear jild fan de provinsje. It giet foaral om doarpshuzen yn de lytsere doarpen oant 1500 ynwenners, mar de provinsje jout ek ynsidinteel jild oan in pear doarpshuzen yn gruttere plakken.

Yn totaal giet der 735.000 euro ekstra nei de doarpshuzen en multyfunksjonele akkomodaasjes ta. Dêrmei komt it budzjet foar 2005 boppe de miljoen euro te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)