Ekstra jild foar doarpshûs Raerd

14 mrt 2002 - 00:00

It doarpshûs yn Raerd krijt 100.000 euro ekstra fan de gemeente Boarnster- him. It jild is bedoeld om in oanbou te realisearjen dêr't pjutten út it doarp opfongen wurde kinne. In foarstel fan it CDA dêroer waard woansdei oannommen.

Neffens wethâlder Bylsma is de ekstra bydrage net nedich, om't der oare finansjele mooglikheden wêze soene. In mearderheid fan de ried seach dat oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)