Ekstra jild foar De Koornbeurs

21 mrt 2008 - 06:39

Teater De Koornbeurs yn Frjentsjer krijt de kommende trije jier alle jierren 80.000 euro ekstra fan de gemeente. It jild is bedoeld foar nij belied, dat De Koornbeurs ûnder oare mear besikers opsmite moat.

In mearderheid fan de riedsleden fan Frjentsjerteradiel besleat tongersdei ta it ekstra jild op foarstel fan in kommisje, dy't nei de takomst fan De Koornbeurs sjoen hat. Earder woe de gemeenterie net mear jild jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)