Ekstra jild foar amateurmuzyk

10 sep 2013 - 15:19

De organisaasje foar muzykferienings yn Fryslân krijt 75.000 euro foar it werven en oplieden fan amateurmuzikanten. De organisaasje wol der dêrmei foar soargje dat de harmony- en fanfare-orkesten en brassbands bestean bliuwe kinne. It jild komt út it Dames Tiemersmafûns. Dat stipet projekten op it mêd fan muzyk foar jongeren.

In protte muzykferienings yn Fryslân ha it dreech op it stuit. Se krije minder leden en it is dreech om it nivo op peil te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)