Ekstra jild foar Achtkarspelen

09 jun 2009 - 10:57
  • Achtkarspelen wol fiif miljoen ekstra ynvestearje

De gemeente Achtkarspelen ynvestearret de kommende jieren fiif miljoen euro ekstra yn ferkearsfeiligens, de oanlis fan diken en it ferbetterjen fan de kwaliteit fan pjutteboartersplakken. Dat docht bliken út de kadernota 2010-2011.

Mei it opknappen en oanlizzen fan bedriuweterreinen wol de gemeente de wurkgelegenheid stimulearje. Ek wurdt ûndersocht oft der in súdlike rûnwei om Surhústerfean komme moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)