Ekstra Hjoed om 13.00 oere

06 nov 2009 - 10:44
  • Foto: Jaring Rispens

Omrop Fryslân Televyzje komt freedtemiddei om 13.00 oere mei in ekstra útstjoering fan it nijsprogramma Hjoed. De ekstra Hjoed giet oer it ynsidint by it fabryk fan Friesland Campina yn Dronryp.

Yn Hjoed de lêste stân fan saken yn Dronryp. Ferslachjouwers fan 'e omrop binne yn it doarp en prate je by. Yn Dronryp en omkriten giene om 10.30 oere de sirenes ôf. Ynwenners fan it doarp krigen it driuwende advys om yn 'e hûs te bliuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)