Ekstra Hjoed oer Beatrix

29 jan 2013 - 12:33
  • Keninginne Beatrix by har taspraak yn paleis Huis ten Bosch

Omrop Fryslân stjoert tiisdei in ekstra Hjoed út yn ferbân mei de oankundige troansôfstân fan keninginne Beatrix. Mei keningshûskenner Bearn Bilker sjogge wy nei bysûndere bylden dy't de ôfrûne tritich jier makke binne fan besites dy't de keninginne oan Fryslân brocht hat. Hoe wie de relaasje tusken Fryslân en keninginne Beatrix? Hoe sil de relaasje tusken ús en de nije kening Willem-Alexander wêze?

Hjoed Ekstra om 17.10 oere en fan 18.30 oere ôf alle oeren te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)