Ekstra hierhuzen Achtkarspelen

11 feb 2005 - 09:55

De kâns dat minsken dy't yn Achtkarspelen op in hierhûs wachtsje ek echt in hûs krije wurdt grutter. De gemeente mei fan de provinsje oant 2010 hûndert ekstra hierwenten bouwe. Dy komme te stean yn Surhusterfean, Bûtenpost en de Harkema. De wenningneed is yn dizze plakken it grutst.

De earste twa doarpen krije der elk sa'n fjirtich huzen by, de Harkema sa'n tweintich. Yn Achtkarspelen sykje 800 minsken in hierwente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)