Ekstra help foar minima T'diel

11 apr 2008 - 10:51

Minsken yn Tytsjerksteradiel mei in leech ynkommen kinne ynkoarten ekstra stipe krije fan de gemeente. It giet foaral om bern út minimagesinnen. Mar ek om minsken dy't fanút de bijstân oan it wurk gean, en dy't dan net mear foar allerhanne regelingen yn 'e beneaming komme.

De bern kinne 250 euro krije foar skoalmateriaal as se foar it earst nei de middelbere skoalle geane. Se kinne ek in kompjûter krije fan de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)