Ekstra guod foedselbanken

21 des 2009 - 21:51
  • In moaie foarrie foar de foedselpakketten

De klanten fan de foedselbank krije de kommende dagen wat ekstra guod yn harren foedselpakketten. Dat komt trochdat in prote minsken harren krystpakketten wer ôfstien hawwe, mar ek troch de snie. Troch it winterwaar waarden ôfrûne tongersdei en freed in soad aktiviteiten ôfblaasd, werûnder in protte moarnsbrochjes op skoallen. En dat hat de foedselbank flink wat ekstra iten opsmiten.

It giet om goed 3000 bôlen, hûnderten liters molke en kilo's oan belis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)