Ekstra groep flechtlingen krijt opfang yn Oerterp

27 nov 2015 - 16:32
  • De earste flechtlingen komme oan yn Oerterp

Yn Oerterp wurde dit wykein 50 flechtlingen ekstra opfongen. Sy komme freed nei multyfunksjoneel sintrum De Wier. It COA hat de gemeente freedtemoarn frege oft der plak wie foar de flechtlingen.

Der wurde sûnt tiisdei al 80 minsken opfongen yn Oerterp. De groep fan yn totaal 130 flechtlingen bliuwt oant tiisdei yn Oerterp. Dat is langer as earder ôfpraat, mar de folgjende opfang is net earder beskikber.

"Ik heb mij eerder deze week hard gemaakt voor een groep vluchtelingen die al te vaak van crisisopvang naar crisisopvang is gegaan'', sa seit boargemaster Ellen van Selm. ''Ook voor de andere vluchtelingen wil ik doen wat ik kan en daarom kunnen ze, voor hun rust en welzijn, een nacht extra in Ureterp blijven".

It multyfunksjoneel sintrum kin freed wer yn gebrûk naam wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)