Ekstra gemalen yn Fryslân wer út

23 aug 2004 - 13:53

De ekstra gemalen dy't ferline wike ynskeakele binne om de hege wetterstân yn Fryslân fuort te wurkjen, binne wer útset. Snein hat it Wetterskip Fryslân ek it Hooglandgemaal by Starum útskeakele. Earder al waard dat dien mei gemalen yn Harns, Dokkumer Nijsilen en Teakesyl.

Neffens it wetterskip binne ekstra maatregels om de hege wetterstân fuort te wurkjen, net mear nedich. De rest moat troch ferdamping ferdwine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)