Ekstra gemaal yn Lauwerseach

23 maaie 2009 - 12:48
  • De haven fan Lauwerseach

Der wurdt al yn 2015 in ekstra grut gemaal by Lauwerseach boud. De kosten, 150 miljoen euro, moatte opbrocht wurde troch de wetterskippen, de provinsjes Fryslân en Grinslân en it Ryk.

Dat makke deputearre Tineke Schokker sneontemoarn bekend by it startskot fan de festiviteiten dy't yn de haven en yn it natuergebiet plakfine. De Lauwersmar bestiet 40 jier en dat wurdt fierd mei feesten, kuiertochten, muzyk, eksposysjes en oare aktiviteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)