Ekstra gearkomste oer Liemburg

28 jun 2007 - 14:44
  • Frou Liemburg beriedt har oer wat se dwaan moat
  • Kommissaris Nijpels nei de besletten riedsgearkomste fan woansdei

As de ried fan Littenseradiel boargemaster Liemburg fuortstjoere wol, moat dat yn in ekstra gearkomste fan 'e ried. Dat seit kommissaris Nijpels op basis fan artikel 61B fan 'e gemeentewet. Dêryn stiet dat in ried tusken de twa wike en trije moanne nei it fêststellen fan fersteurde ferhâldings in oanbefelling fan ûntslach nei it Ryk stjoere kin.

De ried stelde woansdei offisjeel fêst dat de ferhâldings fersteurd binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)