Ekstra fytskontrôles Ljouwert

04 maaie 2009 - 14:03

De Ljouwerter plysje hâldt dizze wiken ekstra fytskontrôles. Der wurdt dêrby benammen sjoen nei fytsers dy't op rotondes de ferkearde kant útfytse en nei fytsers dy't troch read ljocht ride.

Ut in stekproef hat bliken dien dat 8% fan 'e fytsers him op rotondes net oan de ferplichte rydrjochting hâldt en dat 16% troch read ljocht fytst. Mei de ekstra kontrôles hopet de plysje it tal ûngelokken mei fytsers nei ûnderen te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)