Ekstra foarstellings foar 'Jopie'

15 jan 2015 - 19:45
  • Poster teaterstik Jopie Huisman

De teaterfoarstelling 'Jopie' oer de ferneamde skilder Jopie Huisman is tongersdeitejûn yn Warkum yn premjêre gien, mar der is no al besletten om twa ekstra foarstellingen yn te plannen. Alle earste foarstellingen wiene nammentlik yn in sucht útferkocht. De ekstra foarstellings binne op 28 en 31 jannewaris.

De teaterfoarstelling wurdt organisearre troch de mannen fan BUOG, de Bedenkers en Uitvoerders van Onverwachte Gebeurtenissen. Tema fan de foarstelling is de fraach hoe gewoan oft Jopie Huisman wie, wie hy gewoan of spile hy gewoan?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)