Ekstra foarronde Kleine Prijs

16 apr 2008 - 08:59
  • der komt in ekstra foarronde fan de Kleine Prijs

Der wurdt in ekstra ronde fêstplakt oan de Kleine Prijs van Fryslân. Dy wurdt sneon oer in wike hâlden op de fearboat dy't fan Starum nei Enkhuzen fart oer de Iselmar.

Der stiene twa heale finales pland yn Snits en Drachten, mar omdat út de foarrondes safolle kânsrike dielnimmers kaam binne, wol de organisaasje mear bands in kâns jaan de finale te heljen. Tweintich bands binne noch yn de running.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)