Ekstra fleandei op fleanbasis

26 feb 2004 - 00:00

De fleantugen fan de fleanbasis Ljouwert fleane de kommende moanne net twa mar trije dagen yn de wike by 't tsjuster. Dat betsjut in ekstra dei yn de wike oerlêst foar de omwenners. In tafaller is dan wol dat mar ien saneamde wave flein wurdt. De F16's geane dus mar ien kear de loft yn.

De oefentiid op de basis yn Ljouwert is nedich omdat minder gebrûk makke wurde kin fan bûtenlânske bases. Fan maart oant novimber leit it fleanen stil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)