Ekstra fergese OV-chipkaarten

12 jan 2010 - 10:11

De provinsje stelt nochris 2000 ekstra fergese OV-chipkaarten beskikber foar it iepenbier ferfier. Earder joech de provinsje al 10.000 kaarten fergees wei. Sûnt 4 jannewaris is it mooglik om de OV-chipkaart yn hiel Fryslân te brûken yn de bus. As de 2000 kaarten ek op binne, dan hâldt de provinsje op mei de spesjale yntroduksjekampanje.

De provinsje woe mei de fergese kaarten minsken entûsjast meitsje oer de OV-chipkaart. Neffens deputearre Adema is dat goed slagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)