Ekstra ferfier nei demonstraasje

21 maaie 2006 - 12:21

De NS set tiisdei ekstra treinen yn fan Ljouwert nei Den Haach. Yn de Hofstêd is dan in demonstraasje foar de Suderseeline. Ferfiersbedriuw Arriva set boppedat bussen yn dêr minsken fergees mei nei Den Haach kinne.

De demonstraasje is op Het Plein en begjint om tolve oere. Rapper Remon is ien fan de optredende artysten. Tegearre mei in oare rapper bringt er it nûmer 'We trekken de lijn'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)