Ekstra feiligens op fleanbasis

20 mrt 2003 - 00:00

Fanwege de oanfal op Irak wurdt der op it stuit stranger kontrolearre op de fleanbasis yn Ljouwert. It personiel hat befel krigen om goed op te letten op saken as fertochte pakketsjes en aktiviteiten by de stekken. Ek moatte gebouwen op slot dy't net brûkt wurde.

By de tagongspoarte duorret it wat langer as oars om binnen te kommen. De ekstra patrûljes en kontrôles moatte bygelyks demonstranten bûten de poarte hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)