Ekstra drokte foar Sensoor

30 apr 2010 - 20:39

It feest yn de provinsje en op tillevyzje op keninginnedei soarge freed foar ekstra drokte by de tillefoanyske helptsjinst fan Sensoor Fryslân.

Der kamen tsientallen tillefoantsjes binnen fan minsken dy't iensum wiene en dêrtroch net fan it feest genietsje koene. Mar ek it barren fan keninginnedei ferline jier kaam faak te praat. Ek hjir hawwe minsken dy't allinnich binne neffens Sensoor langer lêst fan as minsken mei in gesin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)