Ekstra direkteur-bestjoerder foar basisskoalle Ouwe Syl

06 feb 2015 - 16:20
  • Basisskoalle SWS Ouwe Syl yn Aldebiltsyl

Dietske Bouma is troch it bestjoer fan CBO G2 oansteld om de problemen by basisskoalle Ouwe Syl yn Aldebiltsyl op te lossen. Bouma ferfangt direkteur Jaap Jansma, dy't him no rjochtsje sil op de oanstjoering fan de oare seis skoallen fan de koepel. Jansma hat sels de kar makke om tydlik ôfstân te nimmen.

Tongersdei fregen ferûntrêste âlden al om bemiddeling troch in tredde partij om sa ta in oplossing te kommen foar it skeel dat op de skoalle spilet. Oanlieding fan de reboelje is it ûntslach fan in juf. Dêr wienen de âlden it net mei iens.

Dietske Bouma hat brede ûnderfining yn it ûnderwiis. Bouma wie tsien jier bestjoerder by it PCBO Dongeradiel. Ien fan har earste taken yn Aldebiltsyl sil wêze om de meisizzenskipsried wer foltallich te krijen. In oantal âlders wienen dêr fanwege it konflikt útstapt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)