Ekstra bydrage bernetaslach

24 jan 2014 - 11:28
  • Jild

Heiten en memmen yn de bystân krije fan de gemeente Frjentsjerteradiel foar ien kear in ekstra bydrage fan 95 euro per bern. Yn totaal wenje yn dizze gemeente 235 bern ûnder de 18 jier dy't rjocht hawwe op it ekstra jild.

De gemeente jout de ekstra bydrage yn it ramt fan de earmoedebestriding. Yn Fryslân binne mear gemeenten dy't foar ien kear wat ekstra's jouwe oan minsken yn de bystân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)