Ekstra bussen Arriva foar PC yn Frjentsjer

23 jul 2015 - 13:36
  • It Sjûkelân yn Frjentsjer

Busferfierder Arriva set spesjale bussen yn foar de PC yn Frjentsjer op 29 july. Dizze PC-bussen ride fanút ferskate plakken yn Fryslân nei it Sjûkelân yn Frjentsjer en wer werom.

De priis foar in kaartsje is 6 of 8 euro foar in retoerkaartsje, ôfhinklik fan it opstapplak. De organisaasje ferwachtet wer tûzenen besikers foar de keatspartij fan it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)