Ekstra boaten fanwege Bløf

17 jun 2009 - 10:16
  • Bløf luts in soad folk op Oerol
  • It publyk siet heech yn 'e dunen te harkjen nei Bløf

Rederij Doeksen set woansdei ekstra boaten yn tusken Harns en Skylge, fanwege it optreden fan 'e Sieuske band Bløf as ûnderdiel fan it Oerolfestival. Dat optreden is woansdei op it Griene Strân by West.

Doeksen hat fanwege it optreden in spesjaal arranzjemint gearstald. Dêr binne mear as hûndert fan ferkocht. De rederij hat de ôfrûne dagen mear minsken nei Skylge oerset as ferline jier. Freed en sneon naam sa'n 10 prosint mear minsken de boat nei Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)