Ekstra bewaking Skylge

12 aug 2011 - 19:56

Skylge stelt ekstra bewaking yn de bussen yn om de tanimmende ûnrêst ûnder fakânsjefierende jongerein yn de stringen te hâlden. Op it haventerrein rinne jûns ekstra befeiligers om.

De ûnrêst op Skylge wie de lêste jierren goed yn de hân te hâlden. Dit jier binne al ferskate kearen groepen jongeren fuortstjoerd. Boargemaster Visser fan Skylge sprekt fan in opfallend oantal fernielings, fjochtpartijen en stellerijen op campings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)