Ekstra bewaking gerjochtshôf

21 feb 2008 - 10:47

It gerjochtshôf yn Ljouwert wurdt tongersdei folle stranger befeilige as oars. De tagongskontrôle is ferskerpe en is der ekstra bewaking yn de rjochtseal sels. De ferhege feiligensmaatregels ha te krijen mei de saak Suzanne Wisman. It famke (12) waard ein 2006 yn har wenplak Twadde Exloërmond ferkrêfte en fermoarde.

De man dy't derfan fertocht wurdt, waard yn juli feroardiele ta 20 jier sel. Tongersdei is it heger berop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)