Ekstra baggerwurk yn Harns

05 jan 2002 - 00:00

Harns hâldt de kommende jierren rekken mei ekstra baggerwurk. Neffens it ûndersyk sil it persintaazje slib de kommende jierren mei tolve persint tanimme.

De groei ûntstiet troch de útwreiding fan de Harnzer haven. It ôffieren fan slib kostet de gemeente 68.000 euro ekstra. De totale baggerkosten komme dêrtroch op 450.000 euro it jier. Der komt nei alle gedachten gjin baggerdepot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)