Ekstra útstjoering Omrop

05 feb 2012 - 16:45

Omrop Fryslân televyzje komt sneintejûn mei in ekstra útstjoering fanwege de gearkomste fan de rayonhaden fan de ferieniging de Fryske Alvestêden. It begjint om healwei achten. De rayonhaden komme sneintejûn byelkoar foar in oeriëntearjende gearkomste.

Ut in rûntsje dat Omrop Fryslân by in grut tal rayonhaden makke hat, docht bliken dat in Alvestêdetocht noch fier fuort is. Op de rûte is yn trochsneed 15 sintimeter nedich foardat in tocht útskreaun wurde kin. Op guon plakken leit noch mar 4 sintimeter.

De ekstra útstjoering fan healwei achten wurdt de hiele jûn herhelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)