Ekstern ûndersyk wetterskippen

23 feb 2001 - 09:36

Der komt in ûnôfhinklik ekstern ûndersyk nei de takomst fan de Fryske wetterskippen. Dat hat de steatekommisje Algemiene Saken besletten. Reden is dat de provinsje sels net objektyf oardielje kin yn de kwestje. Om deputearre Jansen hie sa'n ûndersyk lykwols net hoegd.

De Fryske wetterskippen moatte yn 'e takomst mear gearwurkje. Net alle wetterskippen binne dêrfoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)