Ekstern ûndersyk nei Caparis

23 maaie 2013 - 21:43
  • Caparis yn Drachten

In ekstern ûndersyk moat útwize wat der krekt mis gien is by sosjale wurkfoarsjenning Caparis. Dat hawwe de acht gemeenten dy't oandielhâlder binne fan Caparis tongersdei besletten. In pear wike lyn stapte algemien direkteur Wilko de Vreeze op nei oanlieding fan in ûndersyk troch it Buro Integriteit Nederlandse Gemeenten. Neffens dit buro soe der mooglik sprake wêze fan belangeferstrengeling. Sa soe De Vreeze fia syn eigen detasjearringsbedriuw jild fertsjinne ha oan pleatsing fan meiwurkers by Caparis.

Der wiene noch mear saken net op oarder en dêrom fine de oandielhâlders fan Caparis dat der in ferfolchûndersyk komme moat. Dêrby moat ek sjoen wurde nei de rol fan de oandielhâlders sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)