Ekstern adviseur Sionsberg

30 des 2011 - 09:36

De aksjegroep Red De Sionsberg ropt de ûndernimmersried fan it sikehûs op om rap in eksterne adviseur yn te skeakeljen. Dat soe nedich wêze om it reoganisaasjeproses goed ferrinne te litten. As dat bart, dan kin de wurkgelegenheid en de soarch yn de regio behâlden bliuwe. De aksjegroep biedt oan om mei te sykje nei in ûnôfhinklik saakkundige mei ûnderfining yn de soarch en yn it bedriuwslibben.

De Ynspeksje foar de Folkssûnens tikke it sikehûs ferskate kearen op de fingers. Dêrtroch gean guon ôfdielings ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)