Eksposysjes yn gemaal Ychten

03 nov 2004 - 16:20

It gemaal fan Ychten krijt in nije funksje as eksposysjerûmte. Der komt plak foar permaninte en tydlike histoaryske útstallings, mei it gemaal en de feanpolders as tema. It gemaal hat oant 1996 de hiele feanpolder fan Ychten bemealle.

It gemaal út 1913 wurdt restaurearre. Yn 2001 is it oanwiisd as Ryksmonunint. Doel is dat de eksposysjerûmte yn april takom jier iepen kin foar it publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)