Eksposysje tekeningen en skilderijen Sjoerd Andringa

11 jan 2015 - 15:07
  • Hans Wiegel
  • Wurk fan Sjoerd Andringa

Yn it Histoaryk Sintrum Ljouwert is snein in bysûndere tentoanstelling iepene oer de ferneamde Fryske fotograaf Sjoerd Andringa. It giet net om syn foto's, mar om de tekeningen en skilderijen dy't er makke hat. Andringa is ien fan de wichtichste fotografen fan nei de Twadde Wrâldoarloch. In soad minsken witte net dat er mear as twatûzen tekeningen en skilderijen makke hat.

Ald-kommissaris Hans Wiegel iepene de útstalling. Hy krige in eksimplaar fan it boek by tentoanstelling. Andringa koe der sels fanwege syn sûnens net by wêze.

In diel fan de útstalling is te sjen yn Tresoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)