Eksposysje Onclin yn Snits

22 apr 2007 - 13:05
  • Wurk fan Kor Onclin

Yn Galerie BAS yn Snits is sneon in útstalling iepene dy't gearstald is troch boargemaster Brok fan Snits. Brok hat keazen foar skilderijen fan de Ljouwerter keunstner Kor Onclin.

Brok sit ek yn it bestjoer fan de stifting dy't de erfenis fan de keunstner beheart. Fierder hat Brok sels fjouwer skilderijen fan Kor Onclin thús. Brok neamt it wurk 'robúst en kleurryk'. De ekposysje duorret noch o/m 5 juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)