Eksposysje oer meubelmakkers

19 aug 2009 - 21:16

Museum Joure wol in bydrage leverje oan de plannen om fan De Jouwer de ambachtsstêd fan Fryslân te meitsjen. It museum wol in eksposysjeromte ynrjochtsje, mei oandacht foar de Jouster meubelmakkers.

Ek wol it museum trochgean mei de Rjochtdei. Dit histoarysk spektakel luts ferline jier tûzenen besikers. Om de kosten foar de besikers leech te hâlden soe de gemeente finansjeel bydrage moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)